Follybalster Nynke Oud op kontrakt by Sweedske klup

22 aug 2017 - 15:08
Nynke (rjochts) yn aksje yn har Frânske tenue - Foto: Facebook Nynke Oud

De Snitser follybalster Nynke Oud hat in kontrakt foar in jier tekene by in Sweedske klup. It giet om Gislaved Volleyballklubb. Twa jier lyn waard Oud noch lânskampioen mei VC Snits. Dêrnei keas se foar in klup yn Frankryk, mar dêrmei kaam se net fierder as in lêste plak. Begjin oktober spilet se har earste wedstriid yn Sweden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)