Marit Bouwmeester klimt yn klassemint

22 aug 2017 - 14:27
Marit Bouwmeester yn aksje - Foto: Thom Touw Photograpfy

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is tiisdei flink opklommen yn it klassemint by it WK Laser Radial yn Medemblik. Tiisdei pakte Bouwmeester in tredde en in sechsde plak en klom dêrmei fan plak 61 nei 24 yn it klassemint. Dêrmei hat se fjouwer fan de tolve races achter de rêch. De twa minste resultaten mei Bouwmeester úteinlik skrasse.

(advertinsje)
(advertinsje)