Ferskate ûngelokken op Noarderhegewei by Drachten

22 aug 2017 - 14:18
De auto's fan it twadde ûngelok - Foto: De Vries Media

Op de Noarderhegewei yn Drachten hawwe tiisdeitemiddei meardere ûngelokken west. Nei in earnstich ûngelok earder op de middei sette de plysje in part fan de dyk ôf. By de ôfhanneling fan it ûngelok barde der in twadde ûngelok. In auto botste op syn foarlizzer. Dêrby rûnen beide auto's skea op. In ambulânse waard oproppen om de bestjoerders te ûndersykjen. Hoe't it mei de slachtoffers fan it earste ûngelok giet, is net bekend. De VOA hat ûndersyk dien. Tsjin trijen wurdt de dyk wer frijjûn.

(advertinsje)
(advertinsje)