Ynsamling tekstyl bart yn Fryslân sûnder ynsidinten

22 aug 2017 - 13:40

Der binne yn Fryslân gjin kwaliteitsproblemen mei de ynsamling fan tekstyl. Dat sizze de ferskate organisaasjes dy't dêr by belutsen binne. Yn it Grinzer Uithuizen slút in sortearsintrum foar tekstyl omdat de feiligens fan de meiwurkers net mear garandearre wurde kin. Yn de klean dy't ynsammele wurdt yn konteners sieten ûnder oaren smoarge ruften, glês en rotsjend fleis.

Yn Assen is ferline jier ek in deade hûn dumpt yn ien fan de konteners. Yn Fryslân sitte sortearsintra yn Snits en Ljouwert. Omrin, Leger des Heils en Empatec sortearje hjir klean foar de organisaasje Reshare. Neffens in wurdfierder binne hjir gjin kwaliteitsproblemen. "Soms zit er wel eens een natte lading tussen of komen we spullen tegen die er niet in thuishoren". Mar de situaasje is neffens him net sa dat it sa slim is dat der aksje ûndernaam wurde moat. 

(advertinsje)
(advertinsje)