Sportkoai foar Burdaard

28 okt 2011 - 15:39
Foto: Omrop Fryslân

De bern fan Burdaard kinne tenei in ferskaat oan sporten op ien lokaasje dwaan. Dêrfoar is it Omnistadium yn it doarp delset. Dit is in sportkoai dêr't bern fuotbalje, follybalje en basketbalje kinne.

Yn 'e winter kin de koai ûnder wetter set wurde en is der de mooglikheid om te reedriden. Freed iepenen profesjonele pannafuotballers de koai.

(Advertinsje)
(Advertinsje)