Minsken bewege fierstente min, wurkjouwers kinne helpe

22 aug 2017 - 12:49

Nederlanners sitte te folle en bewege fierstente min. Dêrfoar warskôget de Gezondheidsraad. Minsken dy't te min beweging krije hawwe folle mear kâns op hert- en iersykten. Yn de nije rjochtlinen fan de Gezondheidsraad stiet dat folwoeksenen minimaal 2,5 oere yn 'e wike aktiviteiten dwaan moatte dy't de spieren en bonken fersterkje, lykas swimme, fytse, fitness of stevich kuierje.

Neffens personal trainer Hendrik Planting, ferbûn oan sûnensynstitút Tigra yn Ljouwert, hawwe minsken it hjoed-de-dei hiel drok en sjit it sporten derby yn. "Dat heeft natuurlijk ook te maken met het stellen van prioriteiten in ons dagelijks bestaan. Los van sommige mensen die blessures hebben of te oud zijn om goed te bewegen. Ouderen mogen ook bewegen en ook krachttraining doen, alleen op een aangepast niveau. Het zou goed zijn als werkgevers meer aandacht besteden aan de fysieke en geestelijke gezondheid van hun personeel. Beweging speelt daar een belangrijke rol in."

(Advertinsje)
(Advertinsje)