Feriene Lofts wol ek fergeze mobyltsjes foar learlingen

22 aug 2017 - 12:45
Foto: Omrop Fryslân

Feriene Lofts wol yn Ljouwert ek fergeze mobile telefoans útdiele oan earstejiers learlingen. De politike partij hat dêroer fragen steld oan it kolleezje, nei oanlieding fan it nijs dat tûzen learlingen yn Den Haach fergees in mobyltsje krije mei stipe fan it ministearje fan Sosjale Saken. Feriene Lofts is benijd hoefolle jild Ljouwert kriget út dit potsje foar earmoedebestriding en wol fan it kolleezje witte oft der ek sa'n inisjatyf mooglik is yn Ljouwert.

De fergeze mobyltsjes binne bedoeld foar learlingen dy't grut wurde yn in gesin mei net sa folle jild. Moandei krigen de earste 250 bern yn Den Haach in telefoan fan steatssekretaris Jetta Klijnsma. Sûnder ynternetferbining en mobyltsje misse bern de oansluting mei de digitale wrâld, fynt de steatssekretaris. Om der foar te soargjen dat de kosten fan it mobile abonnemint net út de klauwen rinne, kin der mei de mobyltsjes gjin gebrûk makke wurde fan betelle sms-tsjinsten of nei it bûtenlân belle wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)