Flyeraksje saak Van Seggeren smyt tsientallen tips op

22 aug 2017 - 12:13

De flyeraksje fan de plysje yn Noardeast-Fryslân om mear tips te krijen yn de saak Van Seggeren, liket resultaat te hawwen. Nei oanlieding fan de folder kamen der tsientallen tips binnen by de plysje. De flyer waard moandei hûs oan hûs ferspraat yn Sweagerbosk, Twizelerheide en Kollumersweach. De plysje socht acht minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe. Ek dêr is op reageard, troch minsken dy't harsels herkenne yn de omskriuwing fan de tsjûgen.

Jan Wagenaar, âld-foarsitter fan Doarpsbelang en âld-plysjeman, is bliid mei it sukses fan de aksje. Mar hy begrypt wol wêrom't tsjûgen har net earder melden by de plysje. "Minsken binne hjir net sa oerheidsachtich. Wy regelje it hjir leaver sels. Minsken stappe net út harsels nei de plysje. As de plysje wat witte wol, dan komme se mar. Minsken yn De Westereen binne net dwers, mar men wol net te folle mei de oerheid te meitsjen ha. In kompliment oan de plysje dat se der sa mei omgong binne."

De 37-jierrige Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach waard begjin july dea fûn yn in greide by De Westereen. Hy hie ferwûnings oan de holle, mar it is noch hieltyd net dúdlik wêrom. De folder waard moandei hûs oan hûs ferspraat yn fjouwer doarpen, wêrûnder yn Kollumersweach en De Westereen. Dêrmei hope de plysje mear ynformaasje los te krijen oer de dea fan Tjeerd van Seggeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)