Famke (9) ek ferstoarn nei ûngelok by Lauwerseach

22 aug 2017 - 11:20
Foto: De Vries Media

It famke fan 9 jier út Grins dat sneintemiddei slim ferwûne rekke by in oanriding op it parkearterrein by Lauwerseach is tiisdeitemoarn ferstoarn. Har heit kaam ek om it libben by it ûngelok. In jonkje fan 8 rekke ferwûne. De heit en de bern rûnen op it parkearterrein doe't se oanriden waarden troch in frou út Haren. De plysje kin noch neat sizze oer de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)