Man út Lelystêd pakt foar stellen frisdrank

22 aug 2017 - 11:17
Foto: ANP

In 32-jierrige man út Lelystêd is sneintejûn oanhâlden foar it stellen fan in krat mei frisdrank. Dat barde by in foarriedhok fan in kroech oan de Twabaksmerk yn Ljouwert. De eigener fan de saak betrape de man wylst hy oan it slepen wie mei it krat. Doe't er de man sommearre om mei te kommen, krige de kroechbaas in earmtakke yn it gesicht. De plysje koe de man fuort dêrnei oanhâlde. De man moat foarkomme.

Trefwurden: 
stellerij Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)