Bewenner komt dief oer it mad

22 aug 2017 - 10:48
Foto: Omrop Fryslân

In bewenner oan de Alma Tademastrjitte yn Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei in dief trappearre yn syn hûs. Hy waard wekker doe't de ynbrekker syn sliepkeamerdoar iepen die. De bewenner begûn te razen, wêrnei't de dief útnaaide mei in telefyzje en in iPhone 6. De plysje siket tsjûgen dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
ynbrekker Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)