Tillefoan en materiaal stellen by autoynbraken yn Ljouwert

© Facebook Plysje East-Fryslân
De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in autoynbraak oan de Pasteurwei yn Ljouwert. De dieders hawwe in rút ynslein fan in bedriuwsauto en in smartphone meinommen. De ynbraak hat west tusken moandeitejûn healwei sânen en tiisdeitemoarn kertier oer seizen. Oan de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert waard ek ynbrutsen yn in bedriuwsauto. Dêr waard ark meinaam lykas in seachmasine en in akkulader.