Kazemattemuseum ferwachtet freed 10.000e besiker

22 aug 2017 - 09:05
Foto: Omrop Fryslân, Rob Dijkstra

Wa't dizze simmerfakânsje noch nei it Kazemattemuseum wol, kin dat it bêste no freed dwaan. Dan ferwachtet it museum yn Koarnwertersân nammentlik de 10.000e besiker. Yn tsjinstelling ta in soad oare musea is it Kazemattemuseum ôfhinklik fan moai waar, om't it foar in grut part bûtendoar is. Nettsjinsteande it tsjinfallende simmerwaar, is it besikersoantal dit jier goed.

De ôfrûne moannen waard it museum op 'e nij ynrjochte. Sa krige it museum in nije entree en kassa en is der in multimediale presentaasje te sjen oer de Keninlkike Marine. Dit jier sil it museum boppedat foar it earst yn de skiednis ek diels yn de winter iepen wêze. Yn ien fan de kazematten is dan in ûntwerp fan keunstner Daan Roosegaarde te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)