It Amelân wol nije tsjinstregeling fearboaten

22 aug 2017 - 07:51

De gemeenteried fan It Amelân wol de ôffearttiden fan de fearboaten tusken Holwert en it Waadeilân oanpasse. Op dit stuit farre de boaten fan Wagenborg neffens in oeretsjinst, wêrby't rekken hâlden is mei trije kertier farren en ien kertier lade en losse. Troch leech wetter en in soad drokte mei laden en lossen rinne de boaten lykwols alle dagen in soad fertraging op. Dat soarget foar yrritaasje by reizgers, eilanners en bedriuwen op it eilân. Fandêr dat de gemeenteried pleitet foar in ekstra kertier yn de fartiid om de fertragings op te lossen.

Minister Melanie Schulz van Haegen fan Ynfrastruktuer moat úteinlik grien ljocht jaan oan dit plan. De gemeenteried fan It Amelân hat har in brief stjoerd, mei dêryn it fersyk.

It Amelân hat al jierren te krijen mei fertragings fan de feartsjinst trochdat de fargeul tichtspield mei sân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)