Stichting Present no ek aktyf yn De Fryske Marren

Stichting Present is tenei ek aktyf yn de gemeente De Fryske Marren. De frijwilligersorganisaasje is al te finen yn oare parten fan Fryslân, mar sil no ek yn De Fryske Marren harren tsjinsten oanbiede. Present biedt helpende hannen yn de foarm fan frijwilligers dy't putsjes dogge foar minsken dy't der sels net oan ta komme fanwege harren finansjele of lichaamlike situaasje. Freonegroepen, personielsferienings of famyljes kinne yn dat gefal helpe.
Yntusken hawwe har al ferskate frijwilligers oanmeld by Present yn De Fryske Marren. It earste putsje sil lykwols útfierd wurde troch it kolleezje fan B&W fan de gemeente. Dy litte dêrmei sjen dat se wiis binne dat Present no ek yn harren gebiet te finen is. Help fan stichting Present kin allinnich oanfrege wurde troch offisjele helpynstânsjes. Present soarget dêrnei foar in goede match tusken de fraach en de frijwilligers.