Kollum: "Lytse mystearjes"

22 aug 2017 - 08:30

"Der binne fan dy lytse mystearjes dêr't ik nachts wolris fan wekker lis. Sa stie der in pear wike lyn in auto op it parkearplak foar ús oer. It wie in auto fan in ûnbestimd merk en fan in ûnbestimde kleur, tusken griis en bêzje yn. Gjin idee fan wa't de auto wie. Buorlju, dy't soks oars goed yn de gaten hâlde, wisten it ek net. Earder wiene der nachts twa weinen ôffikt op hast itselde plak.

Doe kaam de resjerzje. Fjouwer manlju yn pak stapten út de plysjewein. Se hienen in kofferke en droegen wite lateks mofkes. Hiel sekuer ha se oeren yn en om de grêzjekleurige auto oan de gong west. Mei lampkes, kwastjes, apparaatsjes. Dêrnei pakten se it spul wer yn de koffer en se strûpten de mofkes út.

Letter dy wyks belle buorfrou oan mei in fraach. Fierderop wenne al in skoftke in man út Afrika. Mei in kreaze frou yn in beskieden holdoekje en twa leave lytse pjutten. Dy seach ik geregeld op it boartersplakje.

Mar hie ik dy frou en berntsjes de lêste tiid ek noch sjoen, woe buorfrou witte. Nee. Nou, sy ek net. En neffens buorman hiene dêr plysjes oan west. Plysjes yn pak, mei in kofferke.

Op in middei stie de mysterieuze Afrikaan sels foar de doar. Hy prate goed Nederlânsk en hie in brief fan in advokaat by him, yn it Ingelsk. Dy taal begrypt er neat fan en hy wie de hiele strjitte del west om help. De minsken ferwiisden him nei my, omdat sy tinke dat ik derfoar studearre ha. Ik woe it wol besykje, krige myn djoere wurdboek en folge him nei syn wenning.

De brief wie fan in Súd-Europeeske advokaat oan in Fryske advokaat, yn in griemmank fan juridysk en Meditteraansk Ingelsk. Wylst ik op de tekst omstinde, iisbearde de Afrikaan troch it keukentsje. As ik ris besocht om lûdop tusken de rigels troch te lêzen wat de advokaat bedoelde, rekke er sichtber yn panyk. Dat ik liet de ynterpretaasje tenei gewurde en hâlde it by it oersetten.

Hy jitte my in hite bak kofje yn. By fersin ynhalearre ik it earste slokje en smoarde deryn. Ferracheljend en snokkend die ik de hân omheech as teken dat it him net oan de kofje lei. Nei in oere hie ik de brief omtaald en sei dat de Afrikaan him mar oppenearje moast as er wer ris wat hie.

Foar my wie der yn alle gefallen ien mystearje oplost. Ut de brief koe ik opmeitsje dat de frou en de berntsjes it goed makken en út eigen beweging net weromkamen. Ik wie ferromme.

Werom nei hûs rûn ik by in âldere buertgenoat del. Net in prater, altyd allinnich, en no stie er dêr, oan de dyk, yn in kreas pak ynienen. Hy stoarre nei links en dan ris nei rjochts. In oere letter stie er der noch krekt sa. En nei it jûnsiten ek. Krekt foar middernacht liet ik de kat út en hy stie der noch, yn syn pak, ûnder it lampeljocht. Syn holle widze fan links nei rjochts.

Guon fytsers dreaune yn de jûnswaarmte foarby. 'Moai pak!' rôp in fanke. Dêrnei draaide er him om en skeuvele stadich en sûnder wat te sizzen de hûs yn.

Ek dy nacht ha ik lang wekker lein."

Trefwurden: 
De Toan fan Arjan Hut
(advertinsje)