Fryske Gea past meanmetoade oan om ynsekten te beskermjen

22 aug 2017 - 06:00

Utsteld of oanpast meanen om greidefûgels harren gerak te jaan is al aardich ynboargere. Dat der lykwols ek oanpast meand wurdt foar ynsekten witte folle minder minsken. Dochs bart it al jierren. Under oare yn de Kooiwaard, bûtendyks oan de Iselmar tusken Gaast en Piaam. Hjir en yn mear bûtendykse gebieten fan it Fryske Gea wurdt op it stuit sa meand dat ynsekten der net in soad lêst fan ha. Dat betsjut dat der mar ien sneed fan ôf giet en dat grutte parten fan de terreinen net meand wurde sadat ynsekten in hûs hâlde.

It is ditkear foaral drok mei sompe sprinkhoannen (moerassprinkhanen yn it Nederlânsk). En dat hearre je goed. Sy meitsje in bysûnder kliklûd. De soart is seldsum, mar is wol fan de saneamde reade list ôfhelle, omdat it wer wat better giet mei dizze ynsekten.

Trefwurden: 
ynsekten gers meane Fryske Gea
(advertinsje)
(advertinsje)