Provinsjale dyk by Ie kommende moannen op 'e skeppe

21 aug 2017 - 22:07
Krúspunt by Ie dêr't ek histoaryske eleminten fan it doarp goed sichtber binne - Foto: Google Streetview

Yn Ie begjint nije wike it wurk oan de provinsjale dyk troch it doarp. De krúspunten wurde oanpakt, sadat it ferkear aanst better sicht hat. Fierder wurdt de dyk sa oanpast dat dy better past by it histoarysk karakter fan Ie. It wurk duorret oant ein novimber. As alles klear is, mei it ferkear der noch mar 30 kilometer yn de oere ride. Kommende tongersdei is der in ynformaasjejûn oer hoe't de oannimmer it wurk krekt oanpakt.

(advertinsje)
(advertinsje)