Winst foar Jong Cambuur, lykspul Jong Hearrenfean

Fuotbal © Omrop Fryslân
De beloften fan Sportklup Cambuur binne it nije seizoen goed begûn. Se wûnen moandeitejûn op besite by Jong NAC Breda mei 1-0. Doelpuntemakker wie Jurjan Mannes.
Jong SC Hearrenfean hat de earste wedstriid fan it seizoen gelykspile. De Feansters spilen moandei op it eigen sportpark Skoatterwâld mei 2-2 gelyk tsjin de leeftiidsgenoaten fan Heracles Almelo. Beide doelpunten waarden makke troch Marco Rojas.