Minne start foar Bouwmeester op WK Laser Radial

21 aug 2017 - 20:08
Marit Bouwmeester yn aksje - Foto: Thom Touw Photograpfy

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is min begûn oan it WK Laser Radial by Medemblik. De Olympysk kampioene sylde moandei op de iepeningsdei yn de earste twa races nei it 29e en 28e plak. Se stiet dêrtroch no 61e yn it klassemint. De races begûnen moandei wat letter, om't der te min wyn stie op de Iselmar. Dochs koene beide plande races syld wurde. Der is noch gjin man oer boerd, want as alle races syld wurde (12), dan mei se de twa minste resultaten fuortstreekje.

It WK duorret oant en mei kommende sneon. Bouwmeester wûn yn 2011 en 2014 goud op it wrâldkampioenskip Laser Radial.

(Advertinsje)
(Advertinsje)