Lemster skûtsje Emanuel wint earste wedstriid IFKS

21 aug 2017 - 17:36

It skûtsje Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn fan De Lemmer hat moandei it IFKS skûtsjesilen op de Iselmar by Starum wûn. De Emanuel naam fuortendaliks de kop en stie dy net mear ôf. Debuterend skûtsje Ora et Labora fan Sietse Broersma fan Heech kaam as twadde oer de finish en op it tredde plak einige flak dêrnei Lytse Lies fan skipper Ton Brundel fan De Gaastmar.

"Het leek misschien gemakkelijk, maar het kon natuurlijk ook zomaar mis gaan", sei de fokkenist fan de Emanuel fuort nei't syn skûtsje oer de finish kaam. "De wedstrijd zelf is altijd een uitdaging, maar het was lastig om in de focus te bijven toen de start werd uitgesteld. Uiteindelijk toen we losgingen hadden we meteen een mooie wind en hielden we een mooie vrije baan. Daarna hebben we consistent hetzelfde rondje gevaren."

Foarich jier skreau it skûtsje Emanuel twa deiwinsten op de namme. "Het is fijn dat we nu meteen beginnen met een winst, maar dat zegt nog niks over het verloop van de andere dagen. We hebben vorig jaar ook wel hele slechte wedstrijden gezeild."

Hast gjin wyn

Op de twadde dei fan de IFKS wie it lang ûnwis oft de silerij wol trochgean koe. Der stie amper wyn, mar lang om let klonk om fjouwer oere hinne dochs noch it startskot. Hurd gie de silerij lykwols net. De wedstriid waard sels ynkoarte.

Moandei waard allinnich syld yn de grutte klasse A. Fanwege it gebrek oan wyn waarden de C-klasse, de B-klasse en de lytse A-klasse ôflast. Tiisdei is de silerij yn Heech.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(advertinsje)
(advertinsje)