Garnalefiskers ferkeapje leaver op kontrakt as oan ôfslach

Hieltyd mear garnalefiskers ferkeapje har fangsten op kontrakt oan ynkeapers. Dy garnalen komme dus net mear op de ôfslach fan Lauwerseach dêr't de priis bepaald wurdt. Fiskers mei sa'n kontrakt krije 10 oan 30 sint de kilo boppe op de feilingpriis. De ôfslach fan Lauwerseach bepaalt de priis foar de Europeeske garnale-yndustry.
Op it stuit is dat op basis fan de oanfier fan noch mar 25 saneamde 'klokfiskers'. It tal kontraktfiskers is op it heden al 480. Neffens Tjeerd Visser fan de WL-4 is dat in minne saak, al hat er sels ek wolris prakkesearre om op kontrakt te leverjen. "De goeie priis fan dit momint ha we te tankjen oan de ôfslach, dêr moat we eins al oan fêst hâlde."