"Binnen twa jier ierappel dy't ymmún is foar skimmelsykte"

21 aug 2017 - 16:28

Fryske ierappelboeren kinne binnen twa jier al beskikke oer in ierappel dy't net de skimmelsykte fytoftora krijt. Dat seit ierappelbedriuw HZPC fan De Jouwer. Der wurdt al in pear jier wurke oan in ierappel dy't resistint is foar de skealike sykte. It bedriuw Solynta presintearret dizze wike nije ierappelplanten dy't ymmún binne foar de skimmel. Neffens HZPC sit dit noch yn de ûntwikkelingsfaze en binne se op De Jouwer al folle fierder yn de feredeling. Binnen twa jier kin it bedriuw in jierappel op de merk bringe dêr't boeren mei wurkje kinne. Fytoftora soarget alle jierren wer foar problemen yn de sektor en foar in kostepost fan miljoenen euro's.

(Advertinsje)
(Advertinsje)