Sai van Wermeskerken makket oerstap nei Cambuur

Sai van Wermeskerken (links) makket de oerstap fan FC Dordrecht © ANP
Cambuur hat in nije spiler: de 23-jierrige rjochtsback Sai van Wermeskerken. Hy komt oer fan FC Dordrecht. Van Wermeskerken hat in kontrakt tekene foar twa jier, mei in opsje foar noch in seizoen. Fanwege it fuortgean fan Stefano Lilipaly en de blessuere fan Jordy van Deelen wie de besetting op de backposysje by Cambuur hiel tin. Dat hat de klup no opfange kinnen mei it oanlûken fan Sai van Wermeskerken.