Stellingwerf College besiket rekôr te brekken

21 aug 2017 - 13:58
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

It Stellingwerf College besiket meikoarten it rekôr fan de grutste ekskurzje te ferbetterjen. Dat stiet sûnt 2006 op 1113 minsken. De reden foar de rekôrpoging is it 500-jierrich bestean fan de gemeente Eaststellingwerf. De skiednis fan de gemeente, en dan benammen fan de winning fan turf, is it ûnderwerp fan de ekskurzje.

De learlingen krije dêr earst op skoalle les oer en stappe dan op de fyts foar in tocht troch de gemeente. De Opsterlânske Kompanjonsfeart foarmet dêrby de reade tried. De rekôrpoging is op tiisdei 5 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)