Sam Larsson tekenet kontrakt by Feyenoord

21 aug 2017 - 13:41
Sam Larsson - Foto: AWfoto.nl

Sam Larsson hat moandei syn hantekening set ûnder in kontrakt foar fjouwer jier by Feyenoord. Dêrmei makket er definityf de oerstap fan Sportklup Hearrenfean nei de Rotterdamske klup. Larsson kaam trije jier lyn fan IFK Göteborg oer nei SC Hearrenfean. Hy spile 98 wedstriden en skoarde dêryn 23 kear. By Feyenoord treft er syn âld-klupgenoat Jeremiah St. Juste. Dy stapte yn july oer nei Rotterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)