Bûtenlânske studinten helpe yn de Twizeler Mieden

21 aug 2017 - 13:35

Sechtjin bûtenlânske studinten binne op dit stuit oan it wurk yn natoergebiet de Twizeler Mieden, krekt bûten Twizel. Yn it sompige gebiet binne se drok dwaande mei it meanen, om't behearder Steatsboskbehear der net komme kin mei har eigen masjines. De studinten út Hongarije, Itaalje, Spanje en Ruslân binne hjir net allinnich om te wurkjen mar ek om de Fryske kultuer te learen. Iten, ûnderdak en in hiel kultureel programma wurdt foar har regele, mar dêr stiet wol wat tsjinoer: hurd wurkje.

Al acht jier noeget Steatsboskbehear studinten út it bûtenlân út om te helpen by it meanen fan it gebiet. "Yn prinsipe kinne wy it ek sels dwaan", seit Gerrit Hoekstra. "Mar dit is foar ús ek hartstikke leuk. Se helpe ús ek goed by it wurk, mar wy ha ek de moaiste petearen. Ien út Ruslân dy't hjir op de âlderwetske wize yn Fryslân oan de harke stiet, en jûns oan de stamppot boerekoal sit by ien út Twizelerheide. Dat fyn ik altyd wol in moaie metafoar."

Trefwurden: 
Steatsboskbehear Twizel
(Advertinsje)
(Advertinsje)