Olympysk kampioen Van der Weijden wol Alvestêdetocht swimme

21 aug 2017 - 12:44

Swimmer Maarten van der Weijden hat in nije útdaging. De eardere Olympysk kampioen wol yn trije dagen de Alvestêdetocht swimme. Dat sil takom jier yn augustus plakfine. It is net foar it earst dat Van der Weijden in ekstreme útdaging oangiet. Sa swom hy dizze moanne noch Het Kanaal tusken Grut-Brittannië en Frankryk twa kear oer. In tocht fan sa'n 66 kilometer. "Mijn lichaam heeft een flinke optater gehad, maar dat zal herstellen", sa liet hy doe witte.

Ek sei hy dat dit noch mar it begjin wie en dat hy in "ultieme droom" hat. Dy dream is dus it swimmen fan de 200 kilometer fan de Tocht der Tochten. Opmerklik, want yn juny fertelde er by Omroep Brabant noch dat it in moaie gedachte wie, "maar wel iets te ver."

Mei it swimmen fan de Alvestêdetocht wol Van der Weijden jild ynsammelje foar syn stichting, dy't as doel hat om it libben fan 'voormalige, huidige en toekomstige kankerpatiënten' te ferbetterjen. Minsken kinne har sponsorje litte om mei Van der Weijden mei te swimmen, fan 500 meter oant de folsleine tocht. 

It is moandei njoggen jier lyn dat Van der Weijden by de Olympyske Spelen fan Peking in gouden medalje helle op de 10 kilometer iepenwetterswimmen. By de slutingsseremoanje mocht hy doe foar Nederlân de flagge drage.

 

(advertinsje)
(advertinsje)