Blessuere Zonderland falt ta

28 okt 2011 - 14:52
Foto: Martin de Jong

De knibbelblessuere fan turner Epke Zonderland falt ta. Op in MRI-skan die bliken dat der gjin skea is oan de knibbel. "Dat is heel goed nieuws. Er is alleen sprake van vocht achter de knie en dat kunnen we weghalen door het bovenbeen sterker te maken", sa seit trainer Daniel Knibbeler. Zonderland sil op 20 novimber foar it earst sûnt fjouwer jier syn comeback meitsje as mearkamper yn wedstriidferbân op it NK foar klupteams yn Veldhoven.

(Advertinsje)
(Advertinsje)