No ek rolstuollen op ARK

© Omrop Fryslân
ARK Fryslân, it driuwende sintrum foar arsjitektuer en romtlike kwaliteit yn Fryslân, is tenei ek tagonklik foar minsken yn in rolstoel. Oant no ta wie de gongbarte nei de boat te smel foar rolstuollen, mar de gemeente Súdwest-Fryslân hat dêr wat oan dwaan litten.
Mei help fan in sponsor is in bredere gongbarte makke. De ark leit fan moandei ôf yn Heech, oan board wurde ferskate aktiviteiten organisearre.