Heit (45) út Grins omkaam by ûngelok Lauwerseach

21 aug 2017 - 11:35

De man dy't snein om it libben kaam by in ûngelok yn Lauwerseach is in 45-jierrige man út Grins. Dat hat de plysje bekend makke. Syn dochterke fan tsien rekke slim ferwûne en leit noch yn it sikehûs, syn soantsje fan acht waard ek opnaam yn it sikehûs mar is yntusken wer thús.

De trije waarden oanriden foar de terminal fan feartsjinst Wagenborg. Hoe't dat gebeure koe, is noch net dúdlik. De auto waard bestjoerd troch in frou fan 63 út Haren.

(advertinsje)
(advertinsje)