Gebrek oan wyn by skûtsjesilen IFKS yn Starum

© Omrop Fryslân, Andor Faber
Stie der sneon noch te folle wyn om te silen by Hylpen, moandei is der te min wyn foar de IFKS-wedstriid by Starum. De organisaasje hat yntusken de C-klasse, de B-klasse en de lytse A-klasse ôflast. De hoop is dat de wyn letter op de middei oanhellet, sadat de skûtsjes yn de grutte A-klasse wol yn aksje komme kinne. Oars soe ek dizze wedstriid ynhelle wurde moatte, lykas dy fan sneon by Hylpen.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.