Hûndert fuotbalfjilden oan sinnepanielen op kowestâlen

Op it dak fan 310 melkfeebedriuwen yn hiel Nederlân sil GroenLeven fan It Hearrenfean 670.000 fjouwerkante meter oan sinnepanielen oanlizze. De yn totaal 416.000 sinnepanielen hawwe mei-elkoar in oerflak fan goed hûndert fuotbalfjilden. Yn maart dit jier joech minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken goed 200 miljoen euro oan subsydzje foar de ynstallaasje fan sinnepanielen by melkfeebedriuwen dy't oansluten binne by FrieslandCampina.
Ynstallaasjebedriuw GroenLeven rjochtet him op melkfeebedriuwen mei in dak grutter as tûzen fjouwerkante meter. It Feanster bedriuw leveret de panielen en soarget boppedat foar de oansluting, monitoaring, garânsje en it ûnderhâld. Boeren krije alle jierren in fergoeding fan 3 oant 4 euro foar elk paniel. Ek kinne se sels de griene stroom brûke, sûnder te ynvestearjen yn de sinnepanielen. De stroom sil boppedat brûkt wurde foar de produksjelokaasjes en kantoaren fan FrieslandCampina.