Kollum: "Guess who’s back"

21 aug 2017 - 08:26

"Noch nea waard in tweet sa faak liked as de tweet fan âld-presidint Barack Obama. Nei oanlieding fan de gewelddiedige protesten yn Charlottesville, wêrby’t in frou om it libben kaam, twittere Obama foarige wike in sitaat fan Nelson Mandela. "Niemand wordt geboren met de haat voor andere personen vanwege huidskleur, achtergrond of religie." It smiet him mear as 3 miljoen likes op. In nij rekôr. Mar folle wichtiger noch: it sette minsken oan it tinken. My ek.

Ofrûne wike seach ik tafallich de film ‘Er ist wieder da’, oer Adolf Hitler dy't sabeare nei 70 jier werom yn Dútslân wie. Hy skrok him in huodsje fan alles wat er seach en snapte fansels gjin fluit fan al dat nijerwetske gedoch mei kompjûters en ynternet. It resultaat is in absurde, fiktive soms sels komedy-achtige film, mar tagelyk op in nuvere manier ek hiel realistysk.

Akteur Oliver Masucci, dy't de rol fan Hitler spilet, krûpt nammentlik tige realistysk yn de hûd fan de Führer. Moannenlang ried er as Hitler ferklaaid troch Dútslân en spruts minsken oan as wie er de Fürher. En dat smiet beeängstigjende reaksjes op. Der wiene Dútsers dy’t folslein los gongen oer hoe waardeloas de situaasje yn harren lân wol net wie. Sels de rasseteory fan Hitler waard wer oanhelle, omdat mei de komst fan al dy bûtenlanners it echte Dútske folk ferlern gie.

Jong en âld, allegearre diene se harren ferhaal by dizze Hitler. Fansels, der wiene ek minsken dy’t ‘Rot op’, rôpen. Mar folle mear noch dy’t de akteur mei iepen earms ûntfongen. Dy’t iepentlik tajoegen dat se nei him lústerje soene, as er wer oan de macht komme soe. Sterker noch; doe’t in man by in fuotbalwedstriid ‘Fuck Germany’ rôp en de saneamde Hitler jonge fans opruide om dat net te pikken, stode der fuort in groep op de man ôf om him yn elkoar te slaan.

Ik skrok der fan. Al dy frustraasje soarget der foar dat haat hieltyd tichter oan it opperflak komt. De skiedsline tusken haat en geweld is boppedat flintertin. Der hoecht op sa’n stuit mar ien te wêzen dy’t op it juste momint it fjoer opstookt sadat de flam yn de pan slacht. Dat kin dus gewoan in nep-Hitler wêze. In akteur dy’t ropt: slach him yn elkoar en in der is in groep dwylske jonges dy’t dat ek werklik docht.

En ek al is de Führer al mear as 70 jier dea; der binne noch altyd minsken dy’t idolaat fan him binne en syn ideology oanhingje. Minsken dy’t mar in lyts setsje hoege om oer de skreef te gean. Dy’t haat yn no time omsette yn geweld. Dat barde der dus ôfrûne wike yn Amearika. Mei in deadlik slachtoffer as gefolch en tsientallen minsken dy’t ferwûne rekken.

En dat wylst wy as bern, sa’t Nelson Mandela sei, net mei in haatlike ynboarst berne wurde. Wy leare om te haatsjen, sei Mandela. Mar as wy leare kinne om te haatsjen, kinne wy ek leare om elkoar wer leaf te hawwen. En dêr hat er gelyk oan. Mar dêrfoar moat wy wol in goeie learmaster ha. Gjin oranjekleurige Amerikaanske presidint dy’t it geweld allinnich mar goed praat.

Miskien is dat de oplossing. Dat we in diel twa meitsje fan de film, mar yn plak fan Hitler dan mei Nelson Mandela, dy’t de wrâld oer reiziget en ús sjen lit dat wy net sa swart-wyt tinke moatte. ‘Er ist wieder da’, wurdt dan ‘Guess who’s back, back again’."

(Advertinsje)
(Advertinsje)