Plysje dielt folders út yn saak Van Seggeren

21 aug 2017 - 08:26

De plysje dielt yn fjouwer doarpen yn Noardeast-Fryslân hûs oan hûs folders út. Yn de folders wurdt frege om tips yn de saak Van Seggeren. De 37-jierrige Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach waard begjin july dea fûn yn in greide by De Westereen. Hy hie ferwûnings oan de holle, mar it is noch hieltyd net dúdlik wêrom.

Yn de folder beskriuwt de plysje ûnder oare acht minsken dy't mooglik wat fertelle kinne oer de lêste oeren fan Van Seggeren. De plysje is op syk nei dizze acht. It giet om ûnder oaren twa jonges dy't mei in telefoan as bûslampe in frou yn de eagen skynden, de bestjoerders fan in sulverkleurige Mercedes en in donkerkleurige auto en in frou mei lang krôljend hier dy't op in balke by de maneezje siet. Fierder twa persoanen dy't op it gerspaad by de Fogelsang rûnen, beiden mei in kapusjon oer de holle en in Frysk pratende man mei koartskeard hier en in read shirt of fest. Hy socht syn dochter en rûn op it skulpepaad tusken de Lange Reed en de Bûterwei.

De folders wurde moandei en tiisdei ferspraat yn Kollumersweach, Sweagerbosk, Twizelerheide en De Westereen. Dêr stiet ek in grutte tekstkarre dy't it publyk op de aksje attindearret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)