Slagge Psy-Fi festival yn Ljouwert

It Psy-Fi festival yn de Griene Stjer by Ljouwert is dit jier goed ferrûn. Snein wie de lêste dei fan it dancefestival. Psy-Fi is ien fan de grutste, ynternasjonale feesten yn Nederlân. Yn krap in wike tiid kamen minsken út sa'n bytsje hûndert lannen nei de Griene Stjer ta. De besikers koene genietsje fan ferskate muzyksoarten, lykas psychedelyske trance, mar ek fan keunstwurken.