Start fan wurk oan de A7 tusken Boalsert en Wytmarsum

21 aug 2017 - 07:24

Rykswetterstean begjint hjoed mei it wurk oan de A7 tusken Boalsert yn de rjochting fan de ôfrit by Wytmarsum. Yn tsien dagen tiid sil de dyk hjir ûnder hannen naam wurde. Dêrby wurdt ien rydstrook ôfsletten foar it ferkear. Automobilisten kinne wol gebrûk meitsje fan de A7, mar moatte rekken hâlde mei fertragings troch it wurk oan de dyk. Rykswettersteat sil de berms ferheegje en de geleiderails werstelle. 

(advertinsje)
(advertinsje)