Dieuwertje Blok en Aart Staartjes yn Kameleon-searje

20 aug 2017 - 19:50

Yn de nije telefyzje-searje oer de Kameleon krije ferskate bekende Nederlanners in rol. Dat hat regisseur Steven de Jong snein bekendmakke. Sa sil Dieuwertje Blok de rol fan mem Kees spylje en wurdt Cas Jansen de nije Gerben Zonderland. Foar Aart Staartjes is ek in lytse rol, hy spilet de pake yn de searje.

Yn de foarige edysje spile de ûndertusken ferstoarne Rense Westra de rol fan fjildwachter Zwart, dy rol wurdt no spile troch Michiel Kerbosch. It is de bedoeling dat de searje takom maitiid op de telefyzje te sjen wêze sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)