Bauke Triemstra wint nei spannende finale keatserij Kimswert

20 aug 2017 - 17:04

It haadklassekeatsen frije formaasje is snein yn Kimswert wûn troch it partoer fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra. Yn in spektakulêre finale fersloegen se Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Kening fan de partij waard Hendrik Kootstra.

Van der Bos-en-dy kamen flot mei trije earsten foar en rûnen út nei fiif om de ien. Mar doe kantele de wedstriid en úteinlik waard it 5-5 en 6-2 en makke Hendrik Kootstra mei in boppeslach dien wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)