Partoer Ilse Tuinenga wint generale foar frouljus PC

De generale foar de frouljus-PC fan nije wike is yn Akkrum wûn troch it partoer fan Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra. Yn de finale wiene se te sterk foar it partoer fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra, se wûnen mei 5-1 en 6-0. Yn de earste omloop hiene de winners it noch aardich dreech, se wûnen mei alles oan de hang, de twadde omloop gie maklik, doe krigen se mar ien buordsje tsjin. De tredde priis yn Akkrum wie foar it partoer fan Tineke Dijkstra, Hermine Sytema en Jeske de Boer.
De frouljus-PC is kommende woansdei yn Weidum.