Motorkoereur: "Earst tocht ik, wêr bin ik oan begûn"

''De earste kear dat ik it parkoers ôflei, tocht ik: wêr bin ik oan begûn.'' Dat seit motorkoereur Bertus Folkertsma fan Tsjummearum. Folkertsma wol takom jier meidwaan oan ien fan de gefaarlikste motorraces op 'e wrâld, dy op de Isle of Man. Op it stuit sit er al op it eilân, hy riedt him ta op de kwalifikaasjerace van moandei 28 augustus. Al sûnt 1907 race de motoaren dêr alle simmers oer it eilân. En alle jierren ferûngelokje der yn trochsneed sa'n twa motorkoereurs. It rûntsje giet oer 60 kilometer, de wedstriid sels is 240 kilometer lang.
Nei syn earste rûntsje wie de grutste spanning der by Folkertsma ôf. ''It is geweldich'', sa seit er. ''Yn earste ynstânsje ried ik achter in ynstrukteur oan, mar die wie ik al nei in pear minuten kwyt. Sa hurd ried dy man! Doe haw ik it parkoers sels mar ôfmakke.'' Oer syn earste ympresje fan it sirkwy en syn tiid is Bertus Folkertsma dúdlik: ''ik sit net by de fluchsten, mar seker ek net by de trage koereurs. In rûntsje is sa'n 60 kilometer, ik stribje dernei dat yn 22 minuten foar elkoar te krijen.''
Wilfried Bijma fan Omrop Fryslân is dwaande mei in dokumintêre oer Bertus Folkertsma.