Man om it libben kaam by oanriding by Lauwerseach

20 aug 2017 - 13:51
Foto: De Vries Media

By Lauwerseach is sneintemiddei in man om it libben kaam by in oanriding. Ek binne twa bern ferwûne rekke, ien fan har is mei de traumahelikopter nei it UMCG brocht. It gie om in oanriding tusken in auto en meardere fuotgongers, by in parkearterrein oan de Zeedijk.

Neffens de plysje giet it om in ûngelok, it soe net mei opsetsin bard wêze. Wat der krekt bard is, is noch net bekend. De helptsjinsten wiene mei in soad ynset oanwêzich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)