''Bettere beskerming foar âlde mûne by Ferwert"

De ruïnen fan in âlde mûne by Ferwert moatte tenei better beskerme wurde. Dat fynt de stichting De Fryske Mole, dy't derfoar no oan de slach sil. De mûne is yn 1990 folslein ôfbrând nei in stoarm, mar der binne in pear ûnderdielen bewarre bleaun. Sa stiet der noch in part fan de muorre oerein en is de skroef en de útskoat bewarre bleaun. Dy ûnderdielen hawwe noch altyd de status fan ryksmonumint, mar wurde no allinnich beskerme troch inkelde golfplaten.
Dat moat oars, sa fynt de stichting, om't der mooglik yn de takomst in oare mûne komme kin. It soe dan bygelyks gean om in âlde mûne dy't earne oars wike moat foar nijbouplannen.
De gemeente Ferwerderadiel is posityf oer de plannen.