Takom jier mooglik kampioenskip Frysk damjen yn Afrika

Der komt takom maitiid mooglik in Afrikaansk kampioenskip Frysk damjen. De stichting dy't takom jier it WK Frysk damjen yn Ljouwert organisearret, hat dat ôfpraat mei in tal foaroansteande Afrikaanske dammers. Dy hawwe inoar ôfrûne wike troffen by in toernoai yn Hoogeveen. It is de bedoeling om yn Senegal yn Afrika twa toernoaien oan elkoar te keppeljen, takom maitiid: it Afrikaansk kampioenskip ynternasjonaal damjen en it Afrikaans kampioenskip Frysk damjen.
Dat idee kaam fan de Kamerûner dammer Jean Marc Ndjofang. Dy waard koartlyn noch riddere troch de presidint fan Kamerûn, fanwegen syn sportprestaasjes.