F16's fan fleanbasis hâlde oefening boppe de Marnewaard

20 aug 2017 - 10:22

F16-fleaners dy't meidogge oan de training foar wapenynstrukteurs, oefenje de kommende wiken boppe de Marnewaard en boppe Drinte. It giet om acht tastellen deis fan de fleanbasis yn Ljouwert, dy't meidogge oan dizze oefening. Se fleane moarns en middeis. De fleaners binne al in skoft yn training op de fleanbasis.

Op dit stuit oefenje se mei it oanfallen fan doelen op de grûn. Yn in sabeare situaasje skeakelje de fleaners fijanlike raketsystemen út en stypje se militêren op de grûn. De oefening boppe de Marnewaard begjint moandei en duorret in lytse fjirtjin dagen.

(advertinsje)
(advertinsje)