Hearrenfean sleept yn slotfaze punt út duel tsjin Heracles

19 aug 2017 - 22:42

SC Hearrenfean hat de earste thúswedstriid fan it seizoen sneontejûn mei 1-1 gelyk spile tsjin Heracles Almelo. It punt waard yn de alderlêste sekonden fan de wedstriid noch binnenhelle. Mihajlovic makke úteinlik de lykmakker op oanjaan fan keeper Van der Steen.

Yn de begjinfaze wie de thúsploech de boppelizzende en meast oanfallende partij, mar goals foelen der net. De keeper fan Heracles moast lykwols in pear kear flink oan de bak om syn goal skjin te hâlden. Yn de 31e minút wie Stijn Schaars hiel ticht by in goal, mar Niemeijer koe dat mei in sliding krekt foarkomme. Heracles kreëarre net folle kânsen, mar skoarde út syn alderearste korner fan de wedstriid wol. Op slach fan rêst waard it tsjin de ferhâlding yn 1-0 foar de ploech út Almelo troch in goal fan Robin Pröpper.

Yn de twadde helte spile Hearrenfean yn in heger tempo, mar dêrtroch kaam der ek mear romte foar Heracles en dat soarge foar in pear grutte kânsen, mar keeper Van der Steen liet him net passearje. Yn de 60e minút krige Hearrenfean de earste echte grutte kâns, mar Reza Ghoochannejhad tikke de bal krekt neist. Ek dêrnei wiene de measte kânsen foar de thúsploech. In kertier foar tiid like Hearrenfean op likense hichte te kommen, mar de goal fan Van Aken waard ôfkard, omdat Reza in tsjinstanner fuorttreaun hie.

Yn de slotfaze sette Hearrenfean alles op alles om noch in punt oer te hâlden oan de wedstriid, Veerman en Mihajlovic kamen yn it fjild foar Zeneli en Kobayashi. Mei lange ballen waard besocht keeper Castro fan Heracles te passearjen, mar dat slagge net. Krekt foar tiid krige Hoegh noch in hiele grutte kâns, mar ek dy gie der net yn. Mar yn de alderlêste tel waard dan dochs noch in punt helle út dizze thúswedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)