Man (38) út De Pein 10 kear pakt mei ûnjildich rydbewiis

19 aug 2017 - 22:29
Foto: Omrop Fryslân

In 38-jierrige man út De Pein is sneontemoarn betiid yn Nyegea oanhâlden, omdat hy ried mei in ûnjildich rydbewiis. Dat wie al de tsiende kear dat de plysje him dêrfoar bekeurde en dêrom is dizze kear ek syn auto yn beslach naam.

Doe't de man yn de gaten hie dat de plysje him oanhâlde woe, besocht hy te ûntkommen troch syn auto tusken in pear oaren te parkearjen en de ljochten út te dwaan. Mar syn trúkje slagge net. De man is ynsletten foar ferhoar en ûndersyk, omdat der ek noch in oare saak iepenstie, dêr't hy yn heard wurde moast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)