Wouter út Grou oeren fêst yn Sziget-festivaltrein

19 aug 2017 - 19:11
Besikers fan it Sziget-festival yn Hongarije kamen oerenlang fêst te sitten - Foto: ANP

Wouter van der Wal fan Grou wie ien fan de hûnderten festivalgongers, dy't oerenlang fêstsitten hat yn in trein yn Eastenryk. Se komme werom fan it Sziget-festival yn Hongarije. Wouter is min te sprekken oer de ynformaasjefoarsjenning: "we hoorden echt helemaal niets, niet waarom we stil stonden, niet hoe lang het ging duren, echt heel slecht". De trein wie earst al fjouwer oeren te let út Boedapest fuortgien en freedtejûn om 23.00 oere kaam de trein by Andorf stil te stean. Needwaar hie der foar soarge dat de boppelieding stikken rekke wie en dat der beammen op it spoar leine. De trein koe ek net werom, want achter dizze trein stiene mear treinen dy't net fierder koene.

Supermerk

Neffens Wouter hiene sy noch gelok dat se op it stasjon fan Andorf stiene. "Wij konden uitstappen en naar de plaatselijke supermarkt gaan om wat te eten en te drinken te halen en om gewoon even uit de trein te zijn". Sneontejûn om 18.00 oere koe de trein wer fierder. "Maar na een kwartier stonden we alweer stil... maar nu bleek het te gaan om het bijvullen van het water voor de toiletten". As alles goed giet is de trein sneintemoarn 6.00 oere yn Amersfoort.

Klacht yntsjinje

Wouter is wol fan plan om in klacht yn te tsjinjen by FestivalTravel, want sa seit er: "De informatievoorziening was echt heel slecht. We hoorden niets, laat staan dat we iets kregen als een flesje water of een broodje". Mar, sa seit er ek: "het festival zelf was geweldig, gelukkig gebeurde dit niet op de heenweg, dat was echt balen geweest!"

Trefwurden: 
Sziget Hongarije
(advertinsje)
(advertinsje)