Epke Zonderland pleatst him op rek foar WK yn Montreal

Epke Zonderland oan de rekstôk (argyffoto) © ANP
Turner Epke Zonderland hat him sneon yn Zwijndrecht kwalifisearre foar it WK yn Montreal yn Kanada yn oktober. Syn oefening oan it rek by de wedstriid yn Zwijndrecht waard beoardiele mei in skoare fan 15.475, dat is dik boppe de WK-limyt.
Epke Zonderland turne twa kombinaasjes fan twa flechteleminten en dat kaam him op in soad lof te stean. Ek syn kollega's oan it rek, Bart Deurloo en Frank Rijken hellen de limyt.