Drachtster oppakt foar stekpartij

19 aug 2017 - 17:28
Foto: ANP

De plysje hat freedtenacht yn Drachten in man fan 20 oanhâlden fanwege in stekpartij. De plysje krige in melding oer in rûzje yn in hûs oan de Lijsterstrjitte. Doe't se der kamen hearden se in frou razen dat der ien delstutsen wie en dat de dieder krekt nei bûten gien wie. De plysje koe de fertochte fuortendaliks oanhâlde.

Yn it hûs waard it slachtoffer fûn, ek in man (25) út Drachten. Hy wie yn it skouder stutsen. De plysje hat it mes yn beslach naam en de fertochte meinaam nei it buro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)